Johannes Herman (Hans) Lesterhuis (Grins, 29 maart 1944 – Hilfertsom, 26 febrewaris 2009) wie in Nederlânsk bestjoerder binnen de KNVB, ek wie er boargemaster.

Biografy Yn Grins gie er nei it Praedinius-gymnasium en dêrnei hat er steats- en administratyf rjocht studearre oan 'e Ryksuniversiteit Grins. Yn desimber 1970 studearre er ôf, dêr't er mei yngong fan 1 maaie 1971 nei in funksje oannaam by it kabinet fan de Kommissaris fan 'e Keninginne yn Fryslân. Yn septimber 1976 waard er boargemaster fan It Amelân en yn 1985 waard er beneamd as boargemaster fan Eaststellingwerf itjinge er foar 20 jier lang wie. Yn 2006 wie er guon moannen waarnimmend boargemaster fan It Amelân.

As berne Grinzer fuotballe er by Velociatas. Dêrnei hie er in tal fan bestjoersfunksjes yn de fuotbalwrâld. Sa wie er bestjoerslid fan SK Cambuur Ljouwert en acht jier lang foarsitter fan de KNVB-ôfdieling Fryslân. Fan 1996 ôf is er lanlik foarsitter fan de ôfdieling amateurfuotbal fan de KNVB. Yn novimber 2008 naam er nei trije terminen ôfskie. By syn ôfskie waard er beneamd ta bûnsridder.

Hy wie njoggen jier boargemaster fan It Amelân en tweintich jier boargemaster fan Eaststellingwerf. Hans Lesterhuis wie lid fan de PvdA.

Sjoch ek List fan boargemasters fan It Amelân List fan boargemasters fan Eaststellingwerf

Keppeling om utens Foto van Hans Lesterhuis

Kategory:Nederlânsk abbekaat Kategory:Nederlânsk sportbestjoerder Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk sosjalist Kategory:Frysk abbekaat Kategory:Frysk sportbestjoerder Kategory:Frysk politikus Kategory:PvdA-politikus Kategory:Boargemaster fan It Amelân Kategory:Boargemaster fan Eaststellingwerf Kategory:Frysk sosjalist Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1944 Kategory:Persoan stoarn yn 2009