De Ichtustsjerke wie in Nederlânsk-herfoarme tsjerkegebou yn 'e wyk Sperkhim ýn 'e stêd Snits.

Skiednis It tsjerkegebou is yn 1959 as in sealtsjerke boud nei in modernistysk ûntwerp fan arsjitekt J.J.M. Vegter. De Herfoarme Tsjerke (no PKN) makke gebrûk fan it gebou. It gebou is sûnt 2006 in gemeentlik monumint.

De tsjerke waard yn 2007 foar de earetsjinst sletten. Nei't it oargel al yn 2007 út de tsjerke ferhûze, ferlear de Ichtustsjerke yn 'e winter fan 2011-2012 de rest fan it meubilêr en yn 2013 waard útein set mei de ferbouwing fan 'e tsjerke foar in nije bestimming as Thomashûs. Sûnt de oplevering is de eardere tsjerke in lytsskalige wenfoarm foar minsken mei in ferstannelike beheining.Reliwiki, oproppen 03.11.2017

Oargel Nei it sluten fan 'e tsjerke yn 2007 ferhûze Bakker & Timmenga it oargel nei de Snitser Noardertsjerke. Tagelyk waard de disposysje fan it oargel oanpast.Side Bakker & Timmenga, oproppen 19 novimber 2024.

Keppeling om utens Disposysje fan it eardere oargel fan 'e Ichtustsjerke

Kategory:Tsjerkegebou yn Snits Kategory:Tsjerkegebou yn Snits (gemeente) Kategory:Monumint yn Snits Kategory:Earder tsjerkegebou yn Fryslân Kategory:Tsjerkegebou yn Súdwest-Fryslân Kategory:Gemeentlik monumint yn Snits (gemeente) Kategory:Gemeentlik monumint yn Súdwest-Fryslân Kategory:Bouwurk út 1959