Dick Swidde (Purmerein, 16 augustus 1906 - Amsterdam, 29 july 1988) wie in Nederlânsk akteur, dy't syn grutste bekendheid krige troch syn rol fan Boze Buurman Boordevol yn de telefyzjerige 'Ja Zuster, nee Zuster' (1966-1968) fan Annie M.G. Schmidt.

Swidde, soan fan in hurdesmid út Purmerein, begûn syn toanielkarriêre by de pleatslike operetteferiening. Yn de tritiger jierren krige er as folontêr lytse rollen by it selskip fan Cor Ruys, mei wa't er letter ek noch wurke hat. Nei ferbûn west te hawwen oan oare selskippen, lykas it Sintraal Toaniel, waard hem yn 1950 in fêst kontrack oanbean by de Nederlandse Comedie dêr't er oan ferbûn bleau oant de opheffing yn 1971. Swidde gou as in goede twadde plansakteur, dy't fan lytse rollen eat aparts meitsje koe.

Dick Swidde skreau ek kabaretteksten foar ûnder oaren Wim Sonneveld.

Filmografy In kar: Martijn en de magiër - klant (1979) Pipo en het grachtengeheim - Prof. Pietzie Kato (1975) Oorlogswinter - Butler Hendrik (1975) Swiebertje - Ferdinant van der Grijp (1973) Ja zuster, nee zuster - Lilke Buorman (Boze Buurman) Boordevol (1966 - 1968) Dorp aan de rivier - Nooteboom (1958) Lentelied - Bobby Beverig (1936)

Keppelings om utens Ynfo op webside fan de Teäterensyklopedy Ynfo by syn rollen op webstee Beeld en Geluid

Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Persoan berne yn 1906 Kategory:Persoan stoarn yn 1988