Klokmakkerij Aleva wie in klokmakkerij op De Jouwer.

De âldst bekende klokmakkers fan it famyljebedriuw binne de bruorren Luytjen Willem en Albert Willem Aleva. Harren wurkplak stie sûnt 1779 oan de Toerstrjitte op De Jouwer. De bekendste klokmakker wie Wiebe Lútzen Aleva. Under syn lieding makke it bedriuw yn topjier 1857 wol 1500 klokken.Museum De Jouwer Der waarden doe sels klokken ferkocht nei Tunis en Algiers.Ottema-Kingma Stichting De lêste klokmakker fan it bedriuw wie Wiebe Folkerts dy't in winkel hie oan de Midstrjitte, net fier fan de Jouster Toer. Yn 1908 neamt it bedriuw himsels hofleveransier fan stuolklokken.Oer de skiednis fan stuolklokken Yn 1915 ferfear er nei Amsterdam en kaam in ein oan de bedriuwsnamme Aleva. In soad klokken fan Aleva hawwe ynstee fan de letter A in omkearde V yn de namme Aleva op it oerwurkplankje.Notaasje fan de namme Aleva

Twa fan syn feinten, Roel Halma en Hotzwe de Jong gienen troch mei de klokmakkerij. Doe't Roel Halma yn 1942 kaam te ferstjerren naam syn soan Albert it bedriuw oer.

Yn 1963 gie de ynventaris fan it bedriuw, mei in doe al twahûndert jier âlde traapdraaibank, nei it Iepenloftmuseum yn Arnhim. Museum De Jouwer hat ek klokken fan Aleva yn de kolleksje.TIJDschrift

Kategory:Skiednis fan De Jouwer Kategory:Bedriuw op De Jouwer Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1779 Kategory:Bedriuw opheft yn 1915 Kategory:Frysk bedriuw Kategory:Nederlânske klok- of horloazjemakkerij