De letterglee (Elanus scriptus) is in rôffûgel yn it skaai skiere gleeën (Elanus) út de famylje haukfûgels (Accipitridae).

Skaaimerken thumb|left|Fûgel yn 'e flecht. De letterglee is in lytse 34 oant 37 sm lange fûgel mei in spanwiidte fan 84 oant 100 sm. De fûgel hat in rûne kop en lange wjukken, dy't as er sit foarby de punt fan 'e sturt rikke. De fûgel hat ljochtgrize boppedielen. De dekfearren fan 'e wjukken binne swart en de hânfearren donkergriis. Under is de fûgel meast wyt mei ûnder de wjuk in swarte streek. De eagen binne read en de snaffel is swart.

De letterglee is nau oan 'e Australyske skiere glee besibbe mei wa't er it ferspriedingsgebiet dielt, mar de krún is wat grizer en de eagen binne wat grutter as dy fan 'e Australyske skiere glee, sadat it gesicht wat fan in ûle kriget. In wichtich ferskil mei de Australyske skiere glee is ek de swarte bân ûnder de wjuk fan 'e letterglee, dy't fan 'e oksel nei de basis fan 'e hânfearren rint.

Fersprieding De letterglee komt yn 'e ynlânske regio's fan Austraalje en minder regelmjittich oan 'e kusten foar. Hy wurdt behannele as monotypysk, wat betsjut dat hy net ferdield is yn ûndersoarten. De fûgel libbet yn gebieten mei greidlân mei net in soad beammen en net fier fan wetter. De fûgel is tige ôfhinklik fan 'e reinfal en de populaasjes fan syn proaien. As de omstannichheden geunstich binne foarmje se broedkoloanjes.

Status De soarte hat in relatyf grut ferspriedingsgebiet en allinnich dêrom is de kâns op útstjerren lyts. De grutte fan 'e populaasje is yn 2021 rûsd op 1000 oant 2000 folwoeksen fûgels. Alhoewol't de populaasje stabyl beöardiele wurdt, stiet de fûgel op 'e Reade list fan 'e IUCN as gefoelich (Near Threatened, 2022) klassifisearre. De fûgel is kwetsber foar perioaden mei drûchte en in sterke delgong fan proaien. Fersteuring fan nêsten en it brûken fan gifstoffen yn 'e lânbou binne oare bedrigingen.

Kategory:Skiere glee Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje