De mistelkaktussen (wittenskiplike namme: Rhipsalis) foarmje in skaai fan it skift fan 'e miereftigen (Caryophyllales), de famylje fan 'e kaktussen (Cactaceae), de ûnderfamylje fan 'e echte kaktussen (Cactioideae) en de tûke fan 'e mistelkaktuseftigen (Rhipsalideae). Anno 2025 wurde der 45 ûnderskate soarten ta dit skaai rekkene. Dêrûnder is de opmerklike (gewoane) mistelkaktus (Rhipsalis baccifera), de iennichste kaktussoarte dy't behalven yn 'e Nije Wrâld ek fan natuere yn 'e Alde Wrâld foarkomt. De mistelkaktussen binne wrâlds grutste en meast wiidfersprate skaai fan epifityske kaktussen (kaktussen dy't boppe-op oare planten libje sûnder dy skea ta te bringen).
Taksonomy De mistelkaktussen waarden yn 1788 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Dútsk botanikus Joseph Gärtner. Mar dyselde hie doedestiden net foar it ferstân dat er in nij skaai fan kaktussen beskreau; ynstee miende er dat it in nij skaai fan parasitêre laurieren ûntdutsen hie, dy't ta in folslein oare famylje fan it planteryk hearre. De wittenskiplike namme fan 'e mistelkaktussen, Rhipsalis, is ôflaat fan it Aldgrykske wurd foar "koer", en ferwiist nei de morfology fan 'e planten út dit skaai.
Fersprieding Mistelkaktussen komme rûnom foar yn Midden-Amearika en dielen fan it Karibysk Gebiet, en teffens yn it noarden en de midden fan Súd-Amearika. It swiertepunt fan it soarteferskaat leit yn it Atlantysk Wâld oan 'e eastkust fan Brazylje. Ien soarte, de (gewoane) mistelkaktus (Rhipsalis baccifera) is de iennichste kaktussoarte dy't fan natuere lânseigen is bûten de Nije Wrâld. Dy soarte komt behalven yn Midden- en Súd-Amearika en de eastlike helte fan it Karibysk Gebiet ek foar yn 'e tropyske dielen fan Afrika, op Madagaskar en yn Sry Lanka.
Beskriuwing De morfology fan 'e mistelkaktussen sit frijwat fariaasje yn. De planten groeie oer it algemien delhingjend, mar beskate soarten groeie rjochtop of wiidút. De stâle kin trije foarmen hawwe: rûn, hoekich en ôfplatte. De stâlen binne wetterhâldend, mar de mjitte fan wetterhâldendheid ferskilt nei soarte. Guon hawwe tige grouwe stâlen, lykas Neves-Armonds mistelkaktus (Rhipsalis neves-armondii), wylst oaren hiel tinne, triedeftige stâlen hawwe, lykas de gewoane mistelkaktus (R. baccifera) of de knotsmistelkaktus (R. clavata).
By de measte soarten ûntbrekke de stikels dêr't kaktussen om bekend steane, of komme se inkeld by hiel jonge planten foar. Dat is it dúdlikst it gefal by de ûngelikense mistelkaktus (R. dissimilis). De hierfruchtmistelkaktus (R. pilocarpa) hat stâlen en fruchten dy't ticht begroeid binne mei boarstelhierkes, sadat er maklik te ûnderskieden is fan alle oare mistelkaktussen.
De blommen groeie by mistelkaktussen lateraal (oan 'e sydkanten fan 'e plant) of apikaal (oan 'e toppen), en binne akinomorf (stjerfoarmich) mei in fariabel tal blomdeksegminten, moaltriedden en fruchtblêden. Se binne lyts, ornaris likernôch 1 sm yn diameter en by de measte soarten wyt of witich fan kleur. Giele blommen komme foar by û.o. de ûngelikense mistelkaktus (R. dissimilis) en de ovale mistelkaktus (R. elliptica), wylst Hoellers mistelkaktus (R. hoelleri) de iennichste soarte is mei reade blommen. De fruchten binne altyd beien, dy't brutsen wyt, rôze, read of giel fan kleur binne. Fivipary is dokumintearre by de lytsblommige mistelkaktus (R micrantha) en de gewoane mistelkaktus (R. baccifera).
Libbenswize De measte mistelkaktussen komme foar yn it tropysk reinwâld, dêr't se as epifiten boppe op oare planten (almeast beammen) libje. Om't se op hichte groeie, hawwe se har foar it meastepart evoluëarre ta in delhingjende foarm. Beskate soarten komme lykwols ek foar as litofyt (op rotsen groeiende plant), of hiel selden as terrestryske plant.
Yndieling Yn 'e taksonomy fan The New Cactus Lexicon (2006) waarden 35 soarten mistelkaktussen akseptearre, ferdield oer fiif ûnderskaaien (Phyllarthrorhipsalis, Rhipsalis, Eppallagogonium, Calamorhipsalis en Erythrorhipsalis). In molekulêre analyze út 2011 brocht de parafyly (ûnjildigens) fan trije fan dy ûnderskaaien oan it ljocht (te witten: Rhipsalis, Calamorhipsalis en Epallagegonium). Yn 2012 waard dêrom troch de Brazyljaanske botanika Alice Calvente in nije yndieling foarslein, wêryn't it tal (monofyletyske) ûnderskaaien werombrocht wie ta trije. Yn jannewaris 2023 waarden troch de webside Plants of the World Online'' 45 soarten akseptearre, dy't opnommen binne yn 'e ûndersteande list.
List fan soarten
skaai mistelkaktussen (Rhipsalis) ûnderskaai reidmistelkaktussen (Calamorhipsalis) dûnsjende-bonkjesmistelkaktus (Rhipsalis trigona) hoellermistelkaktus of Hoellers mistelkaktus (Rhipsalis hoelleri) keatlingmistelkaktus (Rhipsalis pacheco-leonis) neves-armondmistelkaktus of Neves-Armonds mistelkaktus (Rhipsalis neves-armondii) paradoksmistelkaktus (Rhipsalis paradoxa) pearsskiifmistelkaktus (Rhipsalis puniceodiscus) ûngelikense mistelkaktus (Rhipsalis dissimilis) wolhierrige mistelkaktus (Rhipsalis floccosa) ûnderskaai reade mistelkaktussen (Erythrorhipsalis) burchellmistelkaktus of Burchells mistelkaktus (Rhipsalis burchellii) campo-portomistelkaktus of Campos-Porto's mistelkaktus (Rhipsalis campos-portoana) gouden mistelkaktus (Rhipsalis aurea) hierfruchtmistelkaktus (Rhipsalis pilocarpa) jüngermistelkaktus of Jüngers mistelkaktus (Rhipsalis juengeri) knotsmistelkaktus (Rhipsalis clavata) koraalkaktus (Rhipsalis cereuscula) moaie mistelkaktus (Rhipsalis pulchra) ormindomistelkaktus of Ormindo's mistelkaktus (Rhipsalis ormindoi) ûnderskaai echte mistelkaktussen (Rhipsalis) Agudomistelkaktus (Rhipsalis agudoensis) Bahia-oerwâldmistelkaktus (Rhipsalis hileiabaiana) barthlottmistelkaktus of Barthlotts mistelkaktus (Rhipsalis barthlottii) ewaldmistelkaktus of Ewalds mistelkaktus (Rhipsalis ewaldiana) fiifwjukmistelkaktus (Rhipsalis pentaptera) fleilmistelkaktus (Rhipsalis flagelliformis) goebelmistelkaktus of Goebels mistelkaktus (Rhipsalis goebeliana) grutblommige mistelkaktus (Rhipsalis grandiflora) iiskrûdmistelkaktus (Rhipsalis mesembryanthemoides) kjersmistelkaktus (Rhipsalis cereoides) krolmistelkaktus (Rhipsalis crispata) kylfoarmige mistelkaktus (Rhipsalis cuneata) langwerpige mistelkaktus (Rhipsalis oblonga) lindbergmistelkaktus of Lindbergs mistelkaktus (Rhipsalis lindbergiana) lytsblommige mistelkaktus (Rhipsalis micrantha) (gewoane) mistelkaktus (Rhipsalis baccifera) oliifmistelkaktus (Rhipsalis olivifera) ovale mistelkaktus (Rhipsalis elliptica) rûne mistelkaktus (Rhipsalis teres) russellmistelkaktus of Russells mistelkaktus (Rhipsalis russellii) rútfoarmige mistelkaktus (Rhipsalis rhombea) shafermistelkaktus of Shafers mistelkaktus (Rhipsalis shaferi) sleufmistelkaktus (Rhipsalis sulcata) trijehoekige mistelkaktus (Rhipsalis triangularis) tsjûkwjukmistelkaktus (Rhipsalis pachyptera) wâldmistelkaktus (Rhipsalis hylaea) westlike mistelkaktus (Rhipsalis occidentalis) noch net yndield trijesidige mistelkaktus (Rhipsalis trigonoides)
Kategory:Planteskaai Kategory:Kaktus