Rôlders (Coracias) binne in fûgelskaai út 'e famylje rôlderfûgels (Coraciidae).
De soarten yn it skaai binne middelgrutte fûgels mei in stevige bou. Se ha in opfallend fearrekleed mei faak blauwe en turkwaze kleuren, kombinearre mei brún, grien of pears. De kop fan 'e soarten is relatyf grut en se ha in krêftige snaffel om proaien mei te gripen. De wjukken binne breed en de sturt frij koart. Guon soarten ha lange bûtenste sturtpinnen.
Rôlders steane bekend om harren akrobatyske flecht by de balts; se dûke, tûmelje en rôlje. De fûgels binne meast solitêr of yn pearkes en yn 'e briedtiid territoriaal. Se sitte faak op in útsjochpunt lykas in peal of tûke as se jeie. Harren iten bestiet út ynsekten, krobben, hippers, imerkes ensafuorthinne, mar ek lytse wringedieren lykas mûzen, dy't se mei in rappe dûk fange.
Rôlders hâlde fan iepen lânskip lykas savannes, healiepen bosk en agrarysk gebiet. Se briede faak yn holtes fan beammen dy't earder brûkt waarden troch oare fûgels, sa as spjochten.
De measte soarten kommen yn waarme gebieten fan Afrika foar. De gewoane rôlder is ek te sjen yn Europa en de Yndyske- de Yndosineeske- en Selebesrôlder binne Aziatyske soarten.
Soarten Libbene soarten Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding Status/Trend120px blaubúkrôlder Coracias cyanogaster West-Afrika oant de Sintraal-Afrikaanske Republyk net bedrige25pxCoracias cyanogaster op BirdLife120px flaggesturtrôlder Coracias spatulatus Tanzania, Sambia, Mozambyk, Simbabwe, Angoala net bedrige25pxCoracias spatulatus op BirdLife120px Yndyske rôlder Coracias benghalensis Fan it suden fan Irak oant Yndia hast bedrige25pxCoracias benghalensis op BirdLife120px Yndosineeske rôlder Coracias affinis Fan East-Yndia oant Fjetnam en Yndosina net bedrige25pxCoracias affinis op BirdLife120px lilaboarstrôlder Coracias caudatus Eastlik en súdlik Afrika net bedrigestabylCoracias caudatus op BirdLife120px rôlder Coracias garrulus East- en Súd-Europa, West-Aazje, oerwintering yn Afrika net bedrige25pxCoracias garrulus op BirdLife120px readkrúnrôlder Coracias naevius Afrika ûnder de Sahara net bedrige25pxCoracias naevius op BirdLife120px Sahelrôlder Coracias abyssinicus Subsaharaansk Afrika net bedrige 25pxCoracias abyssinicus op BirdLife120px Selebesrôlder Coracias temminckii Selebes en oanbuorjende eilannen net bedrige25pxCoracias temminckii op BirdLife
Kategory:Fûgelskaai Kategory:Rôlderfûgel